'Gjin noed oer asfaltfabryk'

12 okt 2009 - 15:19
  • Op dit plak soe it nije asfaltfabryk komme moatte

Omwenners hoege harren gjin soargen te meitsjen oer it nije asfaltfabryk dy't mooglik oan de westkant fan Ljouwert boud wurdt, seit direkteur Beerda fan Oosterhof Holman, ien fan de twa bedriuwen dy't it fabryk bouwe wol.

It fabryk makket ûnderdiel út fan in nij enerzjypark dat Oosterhof Holman en Grontmij ûntwikkelje wolle op it eardere stoart Skinkeskâns. Neist in asfaltfabryk soe der ek in grutte biomassasintrale komme moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)