Gjin NK foar René Hooghiemster

22 jun 2013 - 20:06
  • René Hooghiemster (argyffoto)

René Hooghiemster docht snein net mei oan it Nederlânsk kampioenskip hurdfytsen tusken de profs yn Súd-Limboarch. As lêste tarieding ried hy sneon de 9e Omloop fan de Kompenije. Dat gong yn it minne waar hiel lang goed. Hooghiemster siet yn de kopgroep en gong de finale yn mei Christoph Haxsen en Marco Hoekstra. Yn in bocht gong Hoekstra ûnderút, Hooghiemster fleach dêrnei troch de loft. Mei fertraging en in nij tsjil koe er de koers útride. De Dútser Haxsen mocht winne fan Hoekstra. De knibbel fan Hooghiemster spilet no op, sadwaande gjin NK.

Wouter Haan (Bedum) waard yn De Kompenije tredde. Bêste Fries wie Niek Hooghiemster út Oentsjerk mei it fiifde plak.

Snein op it NK yn Kerkrade ride Lieuwe Westra, Bauke Mollema en Wim Stroetinga. Pieter Weening hie troch in blessuere ek al ôfsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)