Gjin nije tips yn saak-Igli

20 feb 2008 - 09:54
  • der binne gjin nije tips binnenkaam oer de moard op Igli

Der binne tiisdeitejûn nei de útstjoering fan Plysjepost gjin tips binnenkommen yn de saak-Igli. Yn de ôflevering fan Plysjepost op Omrop Fryslân tv waard omtinken jûn oan de Turkse ûndernimmer, dy't ferline wike deasketten waard op de Brol yn Ljouwert.

It item wie yn it Hollânsk opnommen en yn it Turks ûndertitele. Plysje en justysje hawwe noch hieltyd ferlet fan mear ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)