Gjin nije TBC-gefallen yn Harns

30 nov 2006 - 09:26

Der binne gjin nije TBC-gefallen fûn yn Harns en omkriten, hat de GGD bekendmakke. Begjin novimber waard in 66-jierrige Harnzer opnommen yn it sikehûs mei besmetlike TBC. De GGD is dêrop ek mei in kontaktûndersyk begûn. It giet om famyljeleden en leden fan de fuotbalclub mei wa't de man in soad kontakt hie.

Dêrút kamen gjin besmettings nei foaren. Yn jannewaris wurde kontakten út it kafee fan de man ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)