Gjin nije skoalle yn Drachten

09 nov 2007 - 21:32

Der komt dochs gjin evangelyske middelbere skoalle yn Drachten. De Wurkgroep 'Passie van het Noorden' hat der in jier mei dwaande west, mar is der net yn slagge genôch learlingen te finen. Al mei al hat de nije skoalle goed 150 bern te min.

De wurkgroep riedt âlden no oan harren bêrn nei it CSG Liudger te stjoeren. Twa minsken fan de wurkgroep krije yn ruil dêrfoar in plak yn it skoalbestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)