'Gjin nije sintrale yn Harns'

15 sep 2006 - 10:05

De gemeente Frjentsjerteradiel moat net meiwurkje oan it opsetten fan in nije ôffalsintrale yn Harns. Dat fine de fraksjes fan FNP en PvdA yn de gemeenteried. Neffens harren soe de gemeente troch mei te wurkjen oan de bou, te bot ôfhinklik wurde fan de sâltwinning fan Frisia Sâlt yn Harns.

Frisia soe de grutste ôfnimmer wurde fan de enerzjy, dy't de nije sintrale opleverje moat. De measte ynwenners binne tsjin de sâltwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)