Gjin nije regels foar kresjes

26 jan 2009 - 11:31

Kresjes yn Fryslân binne net fan doel om de feiligens oan te skerpjen nei oanlieding fan it drama yn België. Dat sizze de grutste organisaasjes op it mêd fan berne-opfang. Neffens de Stichting Kinderopvang Leeuwarden liket in systeem mei paskes wol feilich, mar is it net.

Minsken dy't kwea wolle, komme der dochs wol yn, seit direkteur Van Hall. De Timpaangroep is begûn mei it oanbringen fan yntercoms en kamera's by de yngongen fan de kresjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)