Gjin nije natuer Gaasterlân

09 okt 2013 - 21:39

De Huitebuursterbûtenpolder yn Gaasterlân wurdt foarearst gjin natuergebiet. Sa lang as de grûneigeners net fiele foar ferkeap, ferpleatsing of partikulier natuerbehear, bliuwt dit gebiet sa as it no is. Dat hat de provinsje Fryslân besletten.

Njonken it gebrek oan meiwurking is ek it tekoart oan jild in reden foar de provinsje om foarearst gjin ynvestearrings te dwaan yn it gebiet. In grutte teloarstelling foar de Stichting Gaasterlân-Natuerlân. Dy striidt al 25 jier foar de natuerûntwikkeling fan it gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)