Gjin nije Michelinstjer derby

26 nov 2012 - 12:38
  • Restaurant De Heeren van Harinxma

Fryslân hat der gjin nije stjerrerestaurants by krigen. Moandei waard de Michelingids foar de Nederlânske restaurants yn Maastricht presintearrre. De wichtichste Fryske gadingmakker foar erkenning mei in stjer wie restaurant de Heeren van Harinxma yn Beetstersweach, mar dat grypt neist de ûnderskieding. De Heeren van Harinxma hie earder wol in stjer, mar rekke dy kwyt nei it fuortgean fan de sjefkok. De hjoeddeistige sjefkok Geert Jan Vaartjes wol de stjer tige graach werom winne.

De Fryske restaurants dy't al in stjer hiene, wisten dy te hâlden. Restaurant Koriander yn Drachten hat sûnt 1999 in stjer, Frouckje State yn Rypstjerk sûnt 2008.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)