Gjin nije fertraging foar akwadukt oan Drachtsterplein

05 okt 2015 - 12:05
  • Omrop Fryslân, Geale Groen

It hege wetterpeil yn de bak fan it akwadukt oan it Drachtsterplein yn Ljouwert is feroarsake troch in stikken sinjalearringssysteem by de pompen. It projekt rint hjirtroch gjin nije fertraging op, want der moat wetter yn de bak stean, sadat ûnder wetter beton stoart wurde kin.

It probleem wie lykwols, dat de pompen net útgiene doe't it wetter te heech kaam te stean. It klotste oer de damwand hinne, tsjin de strjitte de Weideflora yn Aldlân oan. En dat soe gefolgen hawwe kinne. De dyk soe ferskowe of sels ynstoarte kinne.

It sinjalearringssysteem is wer makke en de Weideflora rint gjin gefaar mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)