Gjin nije CAO yn basisûnderwiis: ynfalkrêften net yn tsjinst

02 maaie 2015 - 10:13

Ynfalkrêften yn it basisûnderwiis, dy't trije kear in tydlik kontrakt hân hawwe, hoege takom skoaljier noch net yn fêste tsjinst naam te wurden. Dat is it gefolch fan it útbliuwen fan in nije CAO foar de sektor.

Foarearst bliuwt de âlde CAO no fan krêft. Dêr stiet de bepaling fan it yn fêste tsjinst nimmen net yn. Earder kaam it kristlik basisûnderwiis yn Fryslân yn aksje tsjin de nije regeling, omdat skoallen dy net betelje kinne soenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)