Gjin nije biste-opfang Damwâld?

24 feb 2003 - 00:00

Damwâld krijt foarearst net in nije biste-opfang. De stichting Dieren onder dak wol har der net mear foar ynspanne, om't de gemeente nijbouplannen tsjinwurkje soe. Ek it ynlûken by Talant gie net troch.

De gemeente soe noch wol ree wêze om mei te wurkjen oan in nije lokaasje. Mar dan moat Dieren onder dak mei in konkreet plan komme. Dat soe oant no ta net bard wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)