Gjin nijbou yn Havenkwartier

22 feb 2012 - 11:57

Harns hat terjochte in boufergunning foar in appartemintekompleks op it eardere terrein fan skipswerf Welgelegen wegere. Dat hat de Raad van State bepaald. In Harnzer ûndernimmer woe op it terrein in gebou fan fjouwer ferdjippingen delsette mei 37 hierapparteminten en in tal parkearplakken der omhinne. De gemeente hat benammen problemen mei it tal parkearplakken, dat soene der te min wêze. Earder wiisde de rjochter de beswieren fan de gemeente noch ôf. De Raad van State hat dy útspraak no ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)