Gjin nijbou yn De Swetten

18 mrt 2009 - 09:51

Der komt gjin nijbou fan it wyksintrum en de basisskoallen yn de wyk de_Swetten yn Drachten. De gemeenteried stimt yn mei in útstel fan it kolleezje om dêr gjin jild oan út te jaan.

Beide partijen binne it net iens oer de nijbouplannen. De gemeente wol alles ûnderbringe yn ien nij gebou, de skoallen fine dat te grutskalich. It bedrach dat de gemeente reservearre hie foar de nijbou, wurdt no brûkt foar nijbou fan CSG_Liudger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)