Gjin nijbou teater Snits

24 apr 2008 - 21:22

It postkantoar oan de Westersingel yn Snits wurdt ferboud om it nije teater fan de stêd yn ûnder te bringen. Dat gebou wurdt dus net sloopt.

Snits wie earst fan doel en set op it plak fan it hjoeddeiske sortearsintrum in folslein nij teater del. Mar dat wurdt te djoer. Troch it postkantoar te ferbouwen tinkt de gemeente binnen de begrutting te bliuwen. Der moat yn elk gefal noch wol in toanieltoer fan op syn minst 25 meter byboud wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)