Gjin nijbou Mejontsmaterrein

30 maaie 2008 - 10:32

It konkours hippique fan Bûtenpost kin de kommende jierren gewoan troch gean op de hjoeddeistige lokaasje: It Mejontsmaterrein. De gemeente hie op dat plak wentebou pland, mar sjocht dêr no fan ôf. Want de gemeente mei fan 'e provinsje minder wenten bouwe.

Oan de eastkant fan it Mejontsmaterrein bliuwt in hoekje yn 'e beneaming foar starterswenten. Pleatslik Belang is ek bliid dat it nijbouplan fan 'e baan is, want it terrein hat mear brûkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)