Gjin nijbou gerjochtshôf

16 des 2004 - 12:40

De nijbou fan it Ljouwerter gerjochts- hôf is foarearst hielendal fan de baan. Sawol de Raad voor de Rechtspraak as it Ministearje fan Justysje fine de nijbou achter it Paleis fan Justysje oan it Ruterskertier te djoer.

It kantoar fan it hôf bliuwt dus gewoan yn it âlde wetterliedinggebou oan it Saailân. Dat gebou sil no opknapt wurde. Dat is de útkomst fan in ûndersyk nei goedkeapere alternativen foar nijbouplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)