Gjin nijbou fan byb yn Balk

10 feb 2003 - 00:00

Der komt gjin nije biblioteek yn Balk. De gemeente hat der gjin jild foar. Dy jout de prioriteit oan útwreiding fan de kristlike skoalmienskip. It plan om skoalle en biblioteek te yntegrearjen giet net troch. Bestjoer en personiel fan de biblioteek binne slim teloarsteld oer it beslút.

Nijbou is nedich want it gebou is te lyts en foldocht net oan de arbo-easken. De gemeente moat wol jild beskikber stelle foar renovaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)