Gjin nij teater foar It Fean

04 apr 2007 - 17:28

It_Hearrenfean wol mei syn teater net de konkurrinsje oangean mei oare grutte teaters yn Fryslân lykas De Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten en it nij te bouwen teater yn Snits. Dêrom hawwe boargemaster en wethâlders fan It_Fean besletten de plannen foar in grut teater by Sportstêd_Hearrenfean te skrassen.

Dat teater soe ûnderdiel wêze fan in saneamd Sport_Experience_Centre dat wol trochgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)