Gjin nij TBC-gefal Friese Poort

10 jul 2006 - 09:52

Op De Friese Poort yn Drachten binne gjin nije TBC-gefallen fûn. De GGD hat ûndersyk dien nei besmetting neidat yn juny iepen TBC konstatearre wie by in ROC-learling (21). Fan 'e 96 ûndersochten hat gjinien de sykte.

Twa minsken binne wol earder besmet, mar foarmje gjin gefaar foar oaren. Der is gjin oanlieding foar fierder ûndersyk. Yn ferbân mei de ynkubaasjetiid wurdt de groep yn septimber opnij ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)