Gjin nij swimbad foar Grou

17 sep 2007 - 22:23

Der komt gjin nij swimbad yn Grou. De gemeente Boarnsterhim moat de kommende twa jier mear as twa miljoen euro besparje en it swimbad kin dan net mear út. Ek it nije fytspaad tusken Grou en Warten giet net troch.

Om jild op it kleed te krijen gean ek de tariven yn de gemeente omheech. Net allinich de bewenners moatte yn de takomst mear betelje, mar ek toeristen binne djoerder út. De gemeenteried moat noch ta set oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)