Gjin nij pensjon Minnertsgea

04 apr 2011 - 22:10

De gemeente It Bilt wol gjin útwreiding fan in pensjon yn Minnertsgea. Yn it sintrum fan it doarp sit yn trije pannen in opfanghûs foar minsken dy't gjin ûnderdak ha. De eigner fan dy pannen soe plannen ha om dat noch fierder út te wreidzjen.

Ynwenners fan Minnertsgea binne dêr poer op tsjin om't de bewenners neffens har foar oerlêst soargje. De gemeente hat dêrom in saneamd planologisch noodferband oankundige om in nij pensjon keare te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)