Gjin nij kontrakt Marcel Nijland

12 apr 2006 - 14:21

IIshockeyclub Vadeko Flyers fan It Hearrenfean giet op syk nei in nije keeper. Sawol earste doelman Marcel Nijland as twadde keeper Ruud van der Holst krije gjin nij kontrakt. It betsjoer is net tefreden oer harren prestaasje. Neffens foarsitter Zijlstra hie Nijland ek sels al oanjûn dat er ophâlde woe.

De Flyers wolle in nije topkeeper oanlûke. Nij alle gedachten wurdt dat in bûtenlanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)