Gjin nij kontrakt Cambuurkeeper

14 mrt 2001 - 00:00

Cambuurkeeper Wim de Ron krijt net in nij kontrakt. De Ron, dy't yn 1994 by de Ljouwerter fuotbalklub kaam, hie grutte problemen mei trener Gert Kruys. Nei de wedstriid tsjin Excelsior soe de doelman him negayf utere ha oer de kapasiteiten fan de coach. Sels ûntkende De Ron dat.

Cambuur praat mei FC Utrecht oer gearwurking. Dy klub wol in tal spilers by Cambuur ûnderfining opdwaan litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)