Gjin nij gemaal by Lauwersmar

30 apr 2012 - 12:27
  • De Lauwersmar

As it Ryk en de provinsjes Fryslân en Grinslân net meibetelje, dan komt der foarearst gjin nij gemaal by Lauwerseach. Dat seit deistich bestjoerslid Roel de Jong fan Wetterskip Fryslân. De kosten fan sa'n nije gemaal wurde rûsd op ûngefear 150 miljoen euro.

De wetterskippen Fryslân en Noorderzijlvest soene elts 45 miljoen euro betelje moatte, mar dan moatte it Ryk en de provinsjes ek ta de bûse. Steatssiktaris Atsma hat al sein dat it Ryk dat net fan doel is en ek de provinsjes binne net happich.

Allinnich foar de wetterskippen is it nije gemaal net op te bringen. It wetterskip hopet de provinsjes te bewegen om ek mei in bydrage te kommen. Neffens har hawwe oerstreamings begjin dit jier yn Grinslân oantoand dat it gemaal der heechnedich komme moat. Deputearre Schokker fan de Provinsje Fryslân fynt dat Wetterskip Fryslân de komst fan in lytser gemaal ûndersykje moat, as in supergemaal net betelle wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)