Gjin nij bestjoer Hynstestamboek

06 mrt 2004 - 00:00

By it Frysk Hynstestamboek komt foarearst gjin nij bestjoer. Dat is de útkomst fan it krisisoerlis freedtejûn tusken de fertrouwenskommisje en it bestjoer. Oanlieding foar it oerlis is in konflikt yn de fertrouwenskommisje.

Gerda Veenje stapte út de kommisje, om't se it net iens wie mei de wurkwize. De leden kinne net mear ynljochte wurde yn it blêd Friso, dat dit wykein drukt wurdt. Dêrom wurdt pas fan it hjerst in nij bestjoer keazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)