Gjin nij azc yn Feanwâlden

02 mrt 2011 - 09:50
  • Hjir wie it azc pland

Der komt foarearst gjin nij azc yn Feanwâlden. Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Dantumadiel ha dat beslút tiisdei naam. It Sintraal Orgaan opfang Asylsikers hat it ôfrûne jier oriïntearjende gesprekken mei de gemeente hân.

It COA soe ûndersyk dwaan nei de bydrage dy't in nij sintrum leverje koe oan it lanlik ferlet foar opfangplakken. It ûndersyk is noch net dien. De gemeente kin de grûn wol oars brûke en sjocht dêrom fan it plan ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)