'Gjin natuerskea troch wynmûnen'

08 nov 2001 - 00:00

It miljeu-effektenrapport oer de wynmûnen by de Ofslúttdyk skriuwt dat de 109 mûnen amper natuerskea opsmite sille. Wol geane der jierliks 14.000 fûgels dea yn de rotaasjeblêden fan de mûnen. Dêr binne ek beskerme soarten by.

Neffens projektlieder Wittink falt it tal slachtoffers yn ferhâlding ta, fergeleken mei de fûgelstjêrte troch oarsaken as it ferkear en fisknetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)