Gjin nasjonale titel en gjin WK foar Douwe Amels

01 aug 2015 - 21:42
  • Heechspringer Douwe Amels

Douwe Amels kin it WK atletyk yn augustus yn Peking ferjitte. De 23-jierrige heechspringer gong sneon by it NK yn it Olympysk Stadion fol foar de limyt fan 2.28 meter. Dat aventoer mislearre folslein. De âld-Drachtster kaam net oer de 2.22 meter hinne. Amels helle noch wol de 2.16 en lei de latte dêrnei op 2.22. Op dy hichte sprong er trije kear de latte derôf.

De sprong oer 2.16 wie net iens genôch foar syn fiifde nasjonale titel op rige. Jan Peter Larsen pakte de titel omdat er daliks oer 2.16 sprong, Amels die dat yn syn tredde beurt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)