Gjin nachtbradery Boalsert

22 jul 2010 - 18:21

De nachtbradery fan kommende freed yn Boalsert giet net troch. Der ha te min merkkeaplju harren oanmelden om op de bradery te stean. Om krekt te wêzen sân man en dat is te min foar in bradery.

It wie de lêste jierren al hiel dreech om genôch diskes te krijen foar de nachtbradery. De Stichting Bolsward Promotion besjocht no wat se der oan dwaan kinne om de bradery takom jier wol trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)