Gjin murd mar dochs in otter

25 nov 2010 - 14:39

It deade bist dat fûn is by natoergebiet Easterskar is wol in otter. Jager Pieter van der Meulen fan Rotstergaast wie der wis fan dat er in deade fiskotter fûn hie, mar Ultsje Hosper fan it Fryske Gea en Alje Zandt fan Natuurmonuminten seine dat it in murd wie.

Van der Meulen wie it dêr net mei iens en tongersdei hat Addy de Jongh fan it ottersintrum it bist besjoen en konstatearre dat it wol deeglik om in otter giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)