Gjin motorkrosswedstriden mear

08 jan 2003 - 00:00

Op it motorkross-sirkwy by Makkingea meie gjin wedstriden mear hâlden wurde. Ek mei op de Prikkedaam jûns net mear traind wurde. Dat hat de Rie fan Steate bepaald. Omwenners hienen beswier makke tsjin de fergunning om't de krossers tefolle lûdsoerlêst hienen.

Deputearre Mulder is bliid mei de útspraak. Der leit no nei jierrenlange ûndúdlikheid in miljeufergunning. Sneins en woansdeis mei trije oeren traind wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)