'Gjin monumint op 5 maaie-plein'

20 des 2005 - 17:18

It frijheidsmonumint fan de Fryske keunstner Hanshan Roebers komt nei alle gedachten net op it 5 maaie-plein yn Wageningen te stean. De gemeenterie dêr wol dat net, omdat der in soad wjerstân tsjin is. It monumint soe lykje op in manlik lid.

It keunstwurk hat al in skoft op proef op it plein stien, deunby Hotel De Wereld. B. en w. fan Wageningen nimme it úteinlike beslút oer it plak fan it monumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)