Gjin monopoly NOS by 11-stêden

13 jan 2009 - 20:05

De NOS en Omrop Fryslân hawwe lykweardige rjochten by it útstjoeren fan de Alvestêdetocht op tillevyzje. Dat seit foarsitter Wiebe Wieling fan it bestjoer fan de Alvestêdeferiening nei Twadde Keamerfragen fan VVD-er Johan Remkes.

Dy is bang dat de NOS Omrop Fryslân warre kin as de tocht trochgiet. De NOS die dat ferline wike mei Omroep Flevoland by it NK Maraton op natoeriis. De regionale omrop mocht dêrfan gjin bylden útstjoere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)