'Gjin misstannen Witteveen'

12 sep 2013 - 11:37

Direkteur Ronald Lenters fan taksy Witteveen seit dat de beskuldigings fan misstannen yn syn bedriuw net kloppe. Neffens Lenters binne der wolris oanrinproblemen op in nije rûte mar dy wurde yn oerlis oplost. Ek seit er dat it bedriuw strikt neffens de CAO wurket. Witteveen kaam dizze wike negatyf yn it nijs troch beskuldigings fan it fakbûn FNV.

Neffens it bûn hâldt Witteveen him net oan kwaliteitseasken en soene wurknimmers faak op eigen kosten of yn eigen tiid saken foar it bedriuw regelje moatte. As se dêr oer kleie driget der ûntslach.

Lenters seit dat hy de kommende dagen noch petearen hat mei it sosjaal fûns taksy, it kontrôle-orgaan foar it taksyferfier, oer de klachten. Foar dy tiid wol hy net foar de mikrofoan op de oantigings reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)