Gjin misdriuw yn Lippenhuzen

06 apr 2012 - 17:18

Der hat gjin misdriuw west yn Lippenhuzen. Dat hat de plysje bekend makke. Freedtemoarn ûntstie grutte skrik, omdat der in lichem yn it wetter fûn waard by de Buorsterwyk, net fier fan it fuotbalfjild. In frou rûn dêr mei de hûn en seach in jas yn it wetter. Omdat de hûn frjemd die, gie de frou nei de sleat om de boel better te besjen. Doe die bliken dat der in deade frou yn it wetter lei.

De plysje die de hiele moarn spoare-ûndersyk, mar lang om let die bliken dat it om in âldere frou út it doarp gie. Se is nei alle gedachten ferdronken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)