Gjin misdriuw by fermissing

20 apr 2014 - 11:41
  • Fiskkotter FD281

By it ûndersyk nei it fermiste bemanningslid op de Urker fiskkotter FD281 binne gjin spoaren fan in misdriuw oantroffen. Dat meldt de plysje snein. Sneontemoarn waard de 35-jierrige fisker fermist en is oerenlang nei him socht op de Waadsee. Dêrby wie in grutte ynset fan plysje, kustwacht, KNRM, dûane, maresjesee en definsje.

Yn de haven fan Harns kaam de bemanning derachter dat de man net mear oan board wie. Famyljeleden binne op de hichte brocht fan de fermissing. De man hie gjin fêst wenplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)