'Gjin milieubeswier gaswinning'

02 maaie 2004 - 00:00

D66-lieder Dittrich sjocht gjin ekologyske beswieren mear tsjin nije gaswinning yn it Waad. Hy sei dat sneontejûn yn Hearrenfean.

Op basis fan in ûndersyk, tinkt Dittrich net mear dat gasboarrings liede sille ta boaiemdelgong. En dus soene de negative gefolgen foar de natoer ek tafalle kinne, tinkt er. D66 wol noch wol besjen wat de ekonomyske gefolgen binne foar it syn definitive stânpunt oer gasboarrings ynnimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)