Gjin mfs yn Sint Jânsgea

11 sep 2013 - 14:13

Skarsterlân lûkt it jild yn dat reservearre wie foar in multyfunksjoneel sintrum yn Sint Jânsgea. It giet om 225.000 euro. Yn it doarp is gjin ferlet fan sa'n sintrum. Doarpsbelang kaam noch wol mei in alternatyf plan: it leechsteande kafee keapje en der in doarpshûs fan meitsje, mar dêr woe de gemeente net oan meiwurkje. Foar dit plan wie der noch in tekoart fan hast oardel ton en it wie te kommersjeel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)