Gjin MFC foar Sint Jânsgea

05 mrt 2012 - 19:36

De doarpen Sint Jânsgea en Rotsterhaule krije gjin multyfunksjoneel sintrum. It kolleezje fan b. en w. fan Skarsterlân set in streek troch de plannen. Der is net genôch draachflak by de ynwenners en de ferienings. It jild dat derfoar reservearre is giet werom nei de gemeente Skarsterlân.

Pleatslik Belang is dêr poer oer. Sy wolle in neier ûndersyk nei wat der al mooglik is yn de doarpen. Foarsitter Mulder tinkt dan oan it byinoar setten fan inkele foarsjennings yn Rosterhaule en Sint Jânsgea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)