Gjin metalfestival yn Ljouwert

17 maaie 2010 - 22:51
  • Gjin metalbands by de Aldehou (foto: Omrop Fryslân)

It nije metalfestival Into The Grave op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert giet yn augustus net troch. De gemeente Ljouwert wie ynearsten hiel entûsjast, mar jout gjin fergunning foar it festival. Der soe net genôch plysje wêze om goed tafersjoch hâlde te kinnen.

De inisjatyfnimmers fan Into The Grave binne bot teloarsteld yn de gemeente. Mooglik rinne se ek finansjele skea trochdat bands no ôfbelle wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)