Gjin medaljes Bouwmeester en Postma op de Copa Brasil

22 des 2014 - 06:35
  • Marit Bouwmeester
  • Pieter-Jan Postma

Silers Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma hawwe it ôfrûne wykein gjin medalje oerholden oan de Copa Brasil yn Rio. Bouwmeester starte noch as tredde oan de medaljerace, mar makke in ferkearde manoeuvre. De sjuery bestrafte dit, wêrtroch de Wartenster weromfoel yn it klassemint fan de Laser Radial. De winst gong nei de Belgise Evi van Acker.

Postma stie yn de Finn-klasse twadde foarôfgeand oan de finale race, mar kaam net yn aksje. Hy einige dêrtroch as sechsde yn it einklassemint. De Brit Giles Scott pakte hjir de oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)