Gjin medaljerace Bouwmeester

29 apr 2010 - 21:45
  • Marit Bouwmeester (foto: Thom Touw)

Marit Bouwmeester is der yn Hyeres by it wrâldbekersilen yn de Laser Radial net yn slagge om de medaljerace te heljen. Op de lêste dei kaam se trije kear yn aksje. It smiet in sânde, sechsde en twaentweintichste plak op. Yn de einstân waard de sylster út Warten trettjinde, wylst de earste tsien meidogge oan de medaljerace.

Roelof Bouwmeester waard yn in fjild fan 141 Lasers 52ste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)