Gjin mearderheid moasje REC

23 maaie 2011 - 12:29

De kâns is lyts dat de provinsje de ôffaloven yn Harns stilleit. PVV, SP en GrienLinks hawwe yn de steategearkomste in moasje yntsjinne om dat te berikken, mar der is gjin mearderheid foar.

Ek makke deputearre Galema dúdlik dat de oven net perfoarst ticht moat at der mear as 60 steuringsoeren draait binne. In soad minsken, wêrûnder tsjinstanners fan ôffaloven, wiene dêr wol fanút gong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)