Gjin maatregels Algrawei

23 aug 2010 - 19:09

Rykswettersteat nimt yn ferbân mei de stoarmige wyn noch gjin ekstra maatregels oan de Hendrik Algrawei ûnder Ljouwert. Ferline wike is dêr in hiele rige populieren kapt, omdat der by hurde wyn grutte tûken útwaaie koene en gefaar foar it ferkear omleveren. Rykswettersteat hie eins noch mear beammen kappe wollen, mar de gemeente Ljouwert woe dat net.

Der lizze moandei al in soad tûken op de dyk, mar Rykswettersteat hâldt it foarearst by ekstra tafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)