Gjin losse flodders yn Fryslân

14 maaie 2009 - 20:08

De Belgyske militêren dy't op oefening binne yn Fryslân en Den Helder, springe net sa sunich om mei harren munysje. Yn in pear wenwiken yn Den Helder fûnen boartsjende bern tongersdei losse flodders mei it krûd der noch yn. As de flodders hyt wurde, kin de munysje eksplodearje. Ek op Teksel waarden losse flodders fûn.

Earder dizze wike wiene de militêren oan it oefenjen yn Fryslân. Hjir binne lykwols noch gjin losse flodders fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)