,,Gjin ljipaaien mear meinimme''

27 mrt 2005 - 14:57

De groep ferûntrêste aaisikers dy't dochs ljipaaien meinimt, hâldt dêr op 1 april wer mei op. Dat is freedtejûn sein op de twadde gearkomste fan de aksjegroep yn de Twa Gemeenten yn Jirnsum.

It seisoen rint offisjeel op 9 april pas ôf. De aaisikers wolle troch earder op te hâlden, in posityf sinjaal jaan. De aaisikers namen yn Jirnsum ôfstân fan it kûgelbrief dat de Faunabescherming krigen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)