Gjin list mei ferbeane húsdieren

21 jan 2004 - 00:00

In list mei wetlik ferbeane húsdieren komt der net. It ministearje fan Lânbou fynt de kontrôle dêrop tige dreech. Dat hat minister Veerman yn in brief oan 'e Twadde Keamer bekendmakke.

De minister folget dêrmei net it advys op fan de Rie foar Diere-oangelegenheden. Dy hie in list opsteld mei bisten dy't better net as húsdier hâlden wurde kinne. Dêrby hearre flearmûzen, mar ek ûlen. Apen binne al 'beskerme' troch in oare wet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)