Gjin link mei saak Vaatstra

20 jan 2006 - 00:00

De fertochte yn de sedesaak Aldwâld hat neat te krijen mei de moard op Marianne Vaatstra. Dat hat justysje bekend makke oan de famylje Vaatstra.

It DNA fan de fertochte (25) út Westergeest komt net oerien mei dat fan de man dy't Marianne 7 jier lien om it libben brocht. De man hat wol bekend dat hy sneintemiddei in 13-jierrich famke út Aldwâld seksueel misbrûkt hat. Syn DNA kaam ek oerien mei it materiaal dat op it famke fûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)