Gjin Liet Internasjonal 2013

02 jul 2013 - 12:18
  • Plattel op Liet 2013

It ynternasjonale sjongfestival Liet International giet dit jier net troch. It soe yn desimber op Korsika hâlden wurde, mar it eilânbestjoer hat koartlyn witte litten dat it dêr toch fan ôf sjocht. De Fryske Stichting Liet International is tige teloarsteld oer it Korsikaanske beslút.

De stichting fynt it benammen spitich foar de artysten dy't harren al kwalifisearre hiene foar it festival, lykas de Fryske winneres Plattèl. Sy wûn Liet 2013 op befrijingsdei yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Itselde jild foar de winners fan de Premiu al meyor cantar yn it Spaanske Astuerië en de Sámi Grand Prix yn Kautokeino yn Noarwegen. Stichting Liet International set no yn op in festival yn 2014. Wêr't en wannear't dat hâlden wurdt, moat noch útsocht wurde. Der is wol in soad belangstelling fanút oare Europeeske minderheidsregio's, dy't alle jierren meidogge oan it festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)